Ferslach fan 7 maart 2008: It ferslach wurdt foarlêzen troch Klaske; der binne gjin op-of oanmerkings; mei hantsjeklap wurdt it ferslach fêststeld. - PDF

Description
FERSLACH 20 MAART 2009 JIERGEARKOMSTE PLEATSLIK BELANG BITGUMMOLE YN GRUT TERHORNE. Iepening: Foarsitter Doeke de Jong hyt alle leden en de hear Talma fan de FNP fan herte wolkom. In spesjaal wolkom is

Please download to get full document.

View again

of 5
All materials on our website are shared by users. If you have any questions about copyright issues, please report us to resolve them. We are always happy to assist you.
Information
Category:

Education

Publish on:

Views: 64 | Pages: 5

Extension: PDF | Download: 0

Share
Transcript
FERSLACH 20 MAART 2009 JIERGEARKOMSTE PLEATSLIK BELANG BITGUMMOLE YN GRUT TERHORNE. Iepening: Foarsitter Doeke de Jong hyt alle leden en de hear Talma fan de FNP fan herte wolkom. In spesjaal wolkom is der foar Hotze Hofstra, dy t foto s meitsje sil foar de webside. Jan v/d Leij hâldt de webside by; de oanwêzigen wurde oantrúnd om regelmjittich eefkes te sjen. Saken dêr t wy mei dwaande binne steane ek allegearre op de side, lykas: Brede skoalle Supermerk Paad Lytse dyk Sikkemabuorren de plattegrûn fan it plan hinget oan de wand. Werynrjochting it Bosk It ôfrûne jier binne 2 ynwenners ferstoarn; in frou en in man. Wy krije de nammen net mear troch fan de gemeente. Meidielings: De oanwêzigen krije twa kopkes kofje/ tee + noch in konsumpsje omdat we de cake fergetten hawwe. De presinsjelist giet rûn, dus graach eefkes tekenje. Ofwêzich fan it bestjoer binne : Jan v/d Leij, hy is mei fakânsje; hy is tige warber as skriuwer en webmaster en Tineke Kerssies; sy is siik, fan dit plak ôf winskje we har betterskip. Se giet út it bestjoer, omdat se neist har wurk ek noch in stúdzje oppakt hat. Ferslach fan 7 maart 2008: It ferslach wurdt foarlêzen troch Klaske; der binne gjin op-of oanmerkings; mei hantsjeklap wurdt it ferslach fêststeld. Jierferslach: Der komme gjin opmerkings út de seal oer de ynhâld fan it jierferslach,dat achter op de aginda stiet. Doeke jout in lytse taljochting op it begrip Brede Skoalle. Dat betsjut net ien grut gebou, mar in gearwurkingsferbân tusken de skoallen, pjutteboartersplak, biblioteek en bygelyks berne opfang en oanferwante saken. Op inisjatyf fan DB Bitgum is in lytse kommisje foarme, dy t regelmjittich byelkoar komt. De gemeente is tige weromhâldend. It is in lang prosès. Ferslach skathâlder: Wiebe jout in koarte taljochting op it oersicht dat op de tafels leit; we hawwe in posityf saldo, dat komt mei troch de subsydzjes foar boarterstún en doarpswurk. Der binne gjin fragen; de foarsitter freget him ôf oft de minsken der gjin doel oer hawwe, of fine se it wol bêst? Yn elts gefal wurdt de skathâlder décharge ferliend. Ferslach kaskommisje en beneamen nije kaskommisje: De leden Durk v/d Schaaf en Cees Jongbloed binne jûn net oanwêzich, mar hawwe de foarsitter witte litten, dat de kas yn oarder wie. applaus foar Wiebe. De nije kaskommisje bestiet út Cees Jongbloed en Lieuwe Hoekstra. Bestjoersferkiezing: Tineke is ôftredend. Doeke sprekt syn tank út foar it wurk dat se dien hat, yn it bysûnder foar de jeugd, lykas it mei organisearjen fan it Sinteklazefeest en de Disko. Spitich genôch is it net slagge in opfolchster foar Tineke te finen. Dan jout steande de gearkomste Ina Boomsma har op as kandidaat en seit dat se graach mei jeugd wurkje wol. It bestjoer sjocht it wol sitten en freget de leden hoe t se deroer tinke. Dy stimme der ek mei yn.applaus foar Ina, wolkom yn it bestjoer. Grienkommisje: Titia dielt mei; It grienûnderhâld troch de gemeente sil no wer mear oan dien wurde mar ôfwachtsje. Der bin / wurde nije bûkehaachjes byplante (foar it kafee) en der is in tried bylâns spand. Skelpen binne mei help fan frijwilligers op it paad neist de Menamerdyk oanbrocht. It plan ferbettering paad Sikkemabuorren-Lytse dyk is der noch net offisjeel troch by de gemeente de plattegrûn giet de seal rûn. De nasjonale himmeldei is moarn 21 maart. De skoalbern dogge ek mei, mar we wolle noch graach wat frijwilligers derby. Sammelje om 10 oere by de Hogerhuisstien. Wa hat yn desimber in knappe krystbeam foar ús? Graach trochjaan oan it bestjoer. Opmerking fan Piet Hoogland: it snoeihout yn it boskje oan de Menamerdyk is net opromme troch de gemeente; der waard sein dat PB him der mar mei rêde moat. Behearskommisje troch Klaske: Der binne befeiligingskamera s oanbrocht. Der is nije fjildferljochting kommen, besteande út 6 mêsten fan 18 meter heech mei elk 2 ljochtbakken fan 2100 W. Ek is der in ekstra mêst bypleatst op de oefenhoeke fan 16 meter mei 2 ljochtbakken. Dit is ta stân kommen tanksij it krewearjen fan in finansjele kommisje. De oanlis is bekostige út : eigen reservearing; lienings fan OKK en VVBitgum; it ienmalich net útkearen fan de fêste jierlikse bydrage oan de oansletten ferienings en subsydzjes fan in grut tal ynstânsjes. Fandalen hawwe krekt foar it nije fuotbalseizoen konteners yn e brân stutsen op de middenstip. De skea oan it fjild, fan sa n 5 m2 is sa goed mooglik hersteld. Yn de krystfakânsje is der rigoreus ûnderhâld pleegd oan de noardlike beamwâl neist it keatsfjild troch 4 frijwilligers. It sportkompleks draait goed tanksij in grut tal frijwilligers, mar we wolle der graach noch wat kantinemeiwurkers by hawwe. Wa? Jeugdkommisje troch Doeke: Tegearre mei DB Bitgum is der twa kear in diskojûn en it Sinteklazefeest organisearre. De priis fan Doarp oan set sil yn gearwurking mei DB Ingelum en Bitgum bestege wurde oan de âldere jeugd. Boarterstúnkommisje troch Arjen: De boarterstún wurdt in protte brûkt. De subsydzje fan de gemeente giet op oan de fersekering. Wonen NWF sil it ûnderhâld oernimme fan de gemeente, (as de gemeente it op nivo brocht hat). Bynammen de glydsbaan wurdt hurd minder. Underhâld wegen en trottoirs: Op 2 maart hat der in doarpsskou plakfûn troch Wethâlder v/d Mei, de hear Schat fan Wonen NWF en Doeke de Jong en Jan v/d Leij fan PB Bitgummole; Dêrby binne saken besjoen en besprutsen as hierwenten, ûnderhâld en winsken foar de takomst, dit alles yn ferbân mei de doarpsfizy. In kuierpaad om de iisbaan liket ús û.o. wol wat. Ut de gearkomste komme de folgjende oandachtspunten, dy t we meinimme kinne nei it oerlis mei B&W : De súdkant fan de van Aismawei is foar fuotgongers te min ferljochte; de lampen steane flak oan de dyk. De berm oan de Menamerdyk leit in stik leger as de dyk, wat gefaarlik wêze kin. y.f.m. de oanlis fan it NWT wurdt hjir wierskynlik neat oan dien. It trottoir oan de eastkant fan de Menamerdyk trochloeke nei it skelpepaad y.f.m. de feiligens. Foar rolstoelbrûkers binne de trottoirs net- of min tagonklik; graach oanpasse. De stritlampe oan it begjin fan de Menamerdyk (neist fam Rijpstra) stiet midden yn it trottoir; der kin gjin rolstoel of bernewein lâns. De strjitte fan de Sikkemabuorren fersakket, is de rioellearing stikken? Op de hoeke van Aismawei/ Langestraat is it tige tsjuster. Troch it hiele doarp lizze stikken trottoir der min by, wat ta ûngemakken liede kin. De sleat by it Sportkompleks lâns is tige smoarch; de Behearskommisje sit de gemeente al achter de broek. Op Dyksterhuzen binne stikken dyk min. Graach ynfiering fan 60 km op bûtendiken fan ús gemeente. Werynrjochting it Bosk: De oanstelde lânskipsarsjitekt wie it net iens mei de gesammentlike ynbring fan PB, DB Bitgum en de Behearskommisje; der is wer oerlis west, wat rissultearre yn in oanpast plan; de parkearplakken komme ûnder oaren dochs oan de súdkant, mar dan yn de lingte. We binne no yn ôfwachting fan de subsydzje. Van Aismawei: De van Aismawei is moai wurden, mar foaral troch it swiere ferkear ûnderfynt in tal húshâldings trillingshinder. Middels in oprop yn Doarp en Sport koene klachten meld wurde en foarsjoen fan hantekens trochstjoerd wurde nei B&W en Rie en Feilich Ferkear Nederlân. Dat is 3 wike lyn bard; we moatte no ôfwachtsje wannear en hokker antwurd der komt. Oer it ferpleatsen fan it bushokje ha we noch gjin útslútsel; ek dat wachtsje we ôf. De trillingshinder wurdt mei feroarsake troch it oplûken fan de bussen; hjir hawwe de minsken dy t yn de buert wenje in protte lêst fan. Der komt yn koarten in matrixboerd wêrop t men sjen kin hoe hurd men riidt, yn kombinaasje mei mobile fersmellings- eleminten. der wurdt oppere dat printasfalt mooglik ek ferbettering jaan kin. Mooglik komt der as gefolch fan de oanlis fan it NWT noch mear ferkear troch Bitgummole. Wa t alles nochris neilêze wol; it stiet op de webside. Noard West Tangent: De start fan de oanlis is foarlopich útsteld omdat men de grûn út de tunnels net kwyt kin. De dyk komt op maaifjild hichte, dêrom moat der sa n m3 grûn ferpleatst wurde, dat foar in part bestiet út rul, sâlt sân. In foardiel fan it útstel is, dat we by de projektlieder in fersyk dellizze om in kuierpaad/parralelwei oan te lizzen fan de Lytsedyk nei de Langestraat û.o. foar in ekstra ûntsluting fan fa. Wassenaar. Dêrtroch soe lykwols de oanlis djoerder wurde kinne, wêrtroch oare winsken miskien net útfierd wurde kinne. Wenningbou: It oerbliuwsel fan de loadsen op de boulokaasje Fuormanderij sil sloopt en de grûn saneard wurde. De plattegrûn fan it bouplan giet de seal rûn. Doarp en Sport: Redaksjelid Jos Slippens fertelt dat der in oan dizze tiid oanpast reglemint makke is yn oerlis mei DB Bitgum, DB Ingelum en PB Bitgummole. It sjocht der nei út dat alle fakatueres wer ferfuld wurde sille. De kontakten tusken de doarpen en de redaksje binne wer oanskerpe nei inkele jierren fan ferflauwing. Doarp en Sport hat no 645 lêzers. It is net de bedoeling dat it blêd sneins besoarge wurdt. Op in fraach fan Postma wêrom t der net ien redaksjelid oanwêzich wie op de riedskommisje oangeande de plaknamme, antwurdet Slippens, dat de redaksjeleden gjin ferslachjouwers binne, mar it blêd gearstalle oan de hân fan de oanlevere kopij. Skoft: Doarpsfizy : Titia: De stjoergroep bestiet út Titia de Boer, Hotze Hofstra, Arjen Santhuizen en Piter Tigchelaar. Ut de ferâlderde fizy binne al tal fan doelstellings realisearre. Der wurde 5 wurkgroepkes gearstald; 1.Wenjen; 2.Ferkear en Feiligens ; 3.Bedriuwen en Fersjennings; 4.Kommunikaasje en Ferienings; 5.Kultuer en Toerisme. (sjoch bylage oanset ta in doarpsfizy ) In útwreide ferzje stiet op de webside. Hotze: It is wichtich om hjir meielkoar as doarpsbewenners oer te praten. It soe in goed idee wêze om nije ynwenners middels in ynformaasjeboekje wolkom te hjitten. Hy jout in koarte taljochting en freget wa t op dizze lanlike frijwilligersdei him/ har opjaan wol as wurkgroeplid. Under alle stuollen sit in bryfke plakt. Hotze freget de nûmers 1, 2, 3, 4, en 5 om bar stean te gean en hopet dat út elke groep inkele minsken har opjaan wolle foar de desbetreffende wurkgroep, ruilje mei ek. Elk krijt noch in kaartsje dat men ynfulle kin. Inkele opmerkings út de seal: De doelgroep fan de doarpsfizy is hjir amper oanwêzich, n.l minsken ûnder de 40 jier. Miskien kinne we behalve nei kuier- en fytspaden ek ris sjen nei âlde faarwegen. It bedriuw fan de fa. Wassenaar makket it lânskip rommelich, it is in sichtlokaasje; it moat mei grien oanklaaid wurde. Leaver gjin útwreiding. Kin in supermerk ek opset wurde yn gearwurking mei Talant? Wassenaar hat in brief skreaun nei AH yn Zaandam ; dy wol lytsere winkels yn de doarpen. Men sil it ris besjen. Kin it bestjoer fan PB hjir ek middels de gemeente druk op sette?. Hoe wurket sa n wurkgroep en hoe faak komt men byelkoar? dat wurdt per groep besjoen. It iene ûnderdiel freget mear tiid as it oare. Op hokker termyn moat de fizy stâl krije? Op papier moat it dit jier klear wêze. De foarsitter is oangenaam ferrast troch de aktiviteit fan de kommisje en bedankt harren foar it wurk. Plaknamme ; Nederlâns/ Frysk of allinne Frysk?: It is net de bedoeling jûn mienings nei foaren te bringen en/ of te diskussearjen; dêr hat yn in earder stadium gelegenheit ta west. Middels hân opstekken kin men dúdlik meitsje wêr t men foar kiest. Foar Fryske plaknammen binne 18 leden; foar sa litte as it is 17 leden, 14 leden stimme net en 1 oanwêzige is net lid. De útslach sil trochjûn wurde oan de gemeenterie. De foarsitter ferfalt regelmjittich yn it Bildts, wêrop Lieuwe Hoekstra freget oft we kieze moatte tusken Bildts en Frysk. Omfreegjen: Jan Nauta: Op de tekening fan it Moalderspaad stiet in lytse greide; kin elk dêr syn pony frij rinne litte? Nee, dat giet yn oerlis mei de gemeente. Hûnestront yn it doarp bliuwt in probleem; de gemeente woe ús binnen de beboude kom hûneútlitplakken oanwize litte. Us foarkar is dat de hûnen bûten it doarp útlitten wurde, mar dan wol in skepke meinimme graach. Yn t algemien soene we elkoar oansprekke kinne moatte op it gedrach. Jan Nauta fynt dat hûnen net los rinne kinne. Auke Willems sjocht hjiryn in taak foar de wykagint. Lieuwe Hoekstra seit dat minsken bang binne foar wraaknimming as earne wat fan sein wurdt. Rinia tinkt dat der mear buordsjes pleatst wurde kinne. Henk de Jong freget oft de himmelaksje yn gearwurking mei de skoallen is? Ja, mar net û.l.f. ûnderwizers, mar fan âlden. Jan Agema freget oft PB Bitgummole ek har soargen útsprekt oer de oanskaf fan de JSF. Ja, der is in brief útgien nei it Ministearje. Gosse de Vries: ter hichte fan de Hogerhuisdyk sit in flinke hobbel yn it fytspaad. Sluten: Der binne gjin fragen mear; de foarsitter slút de gearkomste mei de oprop om moarn allegear by it himmeljen te helpen. Hy betanket Grytzen en Nine foar de gastfrijens, en dat is de lêste kear as de ferkeap fan Grut Terhorne troch giet. Klaske
Related Search
We Need Your Support
Thank you for visiting our website and your interest in our free products and services. We are nonprofit website to share and download documents. To the running of this website, we need your help to support us.

Thanks to everyone for your continued support.

No, Thanks